
Hosted by Omrop Fryslân · EN

Djip yn de Wâlden wenne duvelbanner en wûnderdokter Pier Potsje. Op in dei komt der in boer by him mei in siik hynder. Neffens Pier Potsje is it hynder net siik, mar behekst. It hynder bliuwt by Pier Potsje want it moat om 12 oere nachts behannele wurde. Safier komt it net, want dyselde nacht brekke twa skurken yn by Pier Potsje. Se fermoardzje him en nimme al syn sulverstikken mei. As se it hynder sjogge, beslute se dat ek mei te nimmen en se stekke it pleatske fan Potsje yn 'e brân. Oan it hynder ha se net folle, want it falt dea del. Hoe kin it dan dat datselde hynder in dei letter troch Jan Unhuer brûkt wurdt foar de karre?

In grutfeint en in lytsfeint hawwe it by in boer goed nei it sin, mar it falt wol op dat de grutfeint hieltyd meagerder wurdt. As de lytsfeint dêr nei freget, hat er in nuver ferhaal: hy seit dat er alle nachten ophelle wurdt troch in wyt hynder en dat er dan de hiele nacht op dat hynder ride moat. De lytsfeint is goed tûk en hat fuortendaliks in fermoeden. Hy biedt oan om yn it plak fan de grutfeint te gean. En ja hear, midden yn 'e nacht wurdt er út bêd helle en moat er op in moai wyt hynder ride. Dat docht er, en op de weromreis giet er by de smid oan. Hy lit de twa foarskonken fan it hynder beslaan. De oare deis komt er der achter dat der wat oan 'e hân is mei de boer syn frou....

Trije manlju sitte yn de herberch fan Goaiïngaryp te swetsen en te swearen. Se hawwe it oer de feart by Goaiïngaryp: de Lykfeart. Klaas, dy't noch net sa lang yn it doarp wennet, wol witte hoe't se oan dy namme kommen binne. En ien fan de oare manlju fertelt in smout ferhaal oer in lyk dat alle jierren yn de feart dreau oant de moardner fan it lyk fûn wie. Klaas leaut der neat fan. Hy leaut net yn spûken en oare frjemdichheden. Dan slute se in weddenskip ôf: Klaas moat om 12 oere dy nacht in deadskop út it deagravershokje by it tsjerkhôf helje en yn de herberch bringe....

Earne yn in doarp yn Fryslân heart in koster middernacht lûden út de tsjerke kommen. Hy kin de lûden earst net thúsbringe, mar as er goed harket mient er dat it kegellûden binne. Hielendal oerémis draaft er nei it hûs fan de dûmny om de dûmny op te heljen. As se tegearre troch in rútsje yn de tsjerke loere, sjogge se dat der wol 12 manlju yn swarte klean oan it kegeljen binne.... mei deadskoppen en minskebonken! Klokslach 1 oere binne de manlju ferdwûn..... Mar de oare nacht by ljochtmoanne binne se der wer. Dit nuvere spul moat fansels ophâlde, mar hoe?

De Grutte Martinitsjerke fan Boalsert moast by de bou yn de 15e iuw prachtich houtsnijwurk krije, fûn it tsjerkebestjoer. No wenne der in baas houtsnijer yn Boalsert: Rommert. Rommert krige de opdracht en gie oan de gong. Hy sketste en tekene mar it woe net slagje. Hy krige net de goeie ynspiraasje. Op in dei stie der ynienen in frjemdling by him yn de wurkpleats. De frjemdling oerlange him prachtige tekeningen mei fersieringen foar houtsnijwurk. Hy moast der wol wat foar werom jaan: Alles wat er yn it kommende jier krije soe, moast er ôfstean oan de frjemdling. Rommert hie der gjin muoite mei om dêr ja op te sizzen, want hy ferwachte net dat er wat kostbers krije soe it kommende jier. Oant syn frou Hinke him fertelt dat se in bern ferwachtet....

Gerrit mei hiel graach tekenje en skilderje. Hy hat les hân fan Koko, in ferneamd skilder. Koko ferstjert hommels en Gerrit kriget al syn skildersark. Hy is der tige wiis mei oant er ta de ûntdekking komt dat der wat nuvers oan de hân is: de kwasten geane har eigen wei, hy hat der gjin kontrôle oer en dat soarget foar nuodlike situaasjes...

Alde Hinke past op Kees en Jetty. De twa bern fine dat hielendal neat, want âlde Hinke liket wol wat op in hekse. Hinke seit dat se wit hoe't se der foar soargje kinne dat Kees net mear narre wurdt: se moatte modderkoekjes meitsje. De koekjes moatte lykje op de pestkoppen en der moat ek wat fan dy bern sels yn: in hier, in neil of wat bloed. Al gau komme Kees en Jetty derachter wat de bedoeling is fan âlde Hinke... mar se witte har mei har eigen wapens te ferslaan!

De popgroep 'Reboelje' wurket mei oan in opera oer Gysbert Japicx yn de Broeretsjerke yn Boalsert, mar der giet fan alles mis by de repetysjes. It is krekt of rêst der in flok op de foarstelling. Gekjeiend sizze de bandleden tsjin inoar dat de geasten yn de âlde tsjerke miskien wol net wolle dat der lûde muzyk makke wurdt...

Yn Kimswert, in doarpke yn Fryslân dêr't Grutte Pier opgroeid is, mei de koster fan de tsjerke, frou Pierik, graach toeristen rûnliede. Steefêst fertelt se dan dat de mânske bonken dy't útstald lizze yn de tsjerke, fan Grutte Pier binne. Har dochter Aly wit dat dit net wier is. Alle kearen as har mem dit fertelt, begjint it te sigen yn 'e tsjerke en Aly is der wis fan dat se dan in hynder fjouwerjen heart. Op in nacht, as Aly net sliepe kin, sjocht se út it rút in wyt hynder draven. Se ropt nei him en it hynder praat werom... se kin it net goed ferstean. Wat se wol tinkt te hearren binne de wurden 'bedroch' en 'wraak'. De oare deis docht bliken dat se it goed heard hat...

Age is mei de kraan oan it wurk op it plak dêr't yn de midsiuwen by Mantgum de stins 'Hokswier' stie. Der sil in nije stins boud wurde. Mar it is dreech; de grûn is hiel hurd. It is krekt as wurdt Age tsjinwurke. Hy fynt fjouwer bonken, dy't er net goed thúsbringe kin. Hy hat al in hiele samling bonken fan bisten, mar sokken hat er noch net earder fûn. Nachts kin er net sliepe en giet er mei syn metaaldetektor werom nei it bouplak. De detektor slacht oan en Age bedarret yn in nuvere, mystike sfear... As er werom yn it hjir en no is, begrypt er wêrom't it wurk op dat plak sa dreech is. En hy wit ek wat er dwaan moat!