
Hosted by Omrop Fryslân · NL

It binne de lêste dagen foar Femke Wiersma as minister fan lânbou. Nei eksakt 600 dagen draagt se alle dossiers oer oan Jaimy van Essen dy't har opfolget. In ôfskiedspetear.

It deiboek fan Anne Frank is wraldwiid ferneamd en yn mear as 75 talen oerset. Anne beskriuwt har libben tidens har ûnderdûkperioade yn it achterhûs oan de Prinsengracht yn Amsterdam yn de Twadde Wrâldoarloch. It boek is ien fan de meast lêzen boeken oer de joadeferfolging. Mar ek har âldere sus, Margot, hie in deiboek. Dat is ferlern gien. Foar skriuwster Janny van der Molen fan De Knipe reden om har ferhaal op te tekenjen.

Operasjongeres Hebe Dijkstra fan Twizelerheide is 83 mar sjongt en swingt noch op it poadium. Se hat in romrofte karriêre yn de operawrâld hân. En no stiet se wer op de planken. As famke fan alve wist se it al. "Ik wurd sjongeres". Op har 83e is it noch net klear. Mei it autobiografyske stik "Coming of age" fertelt en sjongt se mei twa kollega's har ferhaal oer de operawrâld en wat âlder wurden dêryn betsjut.

Histoarikus en skriuwer Arnoud van de Ridder seach nei de Ingelske Televyzjesearje "Downton Abbey" en krige in idee. Sa as je nei alle gedachten wol witte fertelt dizze tige populêre searje oer de famylje Crawley, dat wennet op Downton Abbey. Mar it ferhaal giet benammen oer it wol en wee fan it personiel fan de famylje. Van de Ridder wennet yn Gaasterlân en woe wolris witte wat de ferhalen binne fan it personiel fan in grut lânhûs dat by him yn de buert stien hat: Huize Rijs. It Buro moetet Van de Ridder by in leech stik lân, flakby it Ryskerbosk.

Treinrails út Hamburg fertelle it ferhaal fan fermoarde Harnzers yn de Twadde Wrâldoarloch. Oer dizze rails hawwe trettjin manlju út de Fryske havenstêd it lêste stik fan harren libben riden. In part fan dit spoar is fannewike ûntbleate yn de Harnzer biblioteek. In monumint foar de slachtoffers dy't yn frachtwagonnen nei konsintraasjekamp Neuengamme by Hamburg deportearre waarden. Dat barde op 16 jannewaris 1945, doe't 110 fersetsminsken út Noard-Nederlân op de trein set binne. Net ien soe de oarloch oerlibje. Nei in moanne wiene al mear as 40 minsken omkommen troch mishanneling, sykte of honger. De oaren waarden ophongen troch de nazi's. Ien fan de slachtoffers wie de heit fan de no 84-jierrige Jan Norg fan Harns.

In leafhawwer fan stiennen sjocht altyd nei de grûn, want wa wit leit der in nije skat. Harm Wieringa en Hendrik Zijlstra binne fan dy echte leafhawwers, se binne fan de Fryske ôfdieling fan de Landelijke Vereniging Geologische Activiteiten. Dit wykein binne se te finen yn it Natuurmuseum Fryslân, mei steapels moaie stiennen en mineralen op it jierlikse Geologische musumweekend. Doel is benammen om de leafde foar stiennen oer te bringen op nije generaasjes. Want de mannen binne al fan in respektabele leeftiid. Mar wat is dy leafde no krekt? Klazina Hofstee gie op besite by Wieringa en Zijlstra op syk nei de honger foar stiennen.

200 opfallende froulju. Dêr is it Keninklik Frysk Genoatskip nei op syk. Se bestean yn 2027 200 jier en om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vries in opfallende frou derút, troch in pear opmerklike feiten te fertellen oer har libbensrin. Hjoed fertelt Tialda oer it libben fan Diet Huber.

Astrid Pascal koe foar gjin meter sile. Sterker noch, se hie noch nea op in boat sitten. Dochs stapte se mei har nagelnije leafde op syn sylboat de Zwerver. Wat folge wie in jierrenlange reis om de wrâld. Alle aventoeren dy't Astrid mei har Kapitein, want sa neamt se har man, meimakke hat, hat se opskreaun yn in boek: De Kapitein en ik.

It is kâld as wy de terminal fan Doeksen yn Harns útrinne. In skerpe wyn snijt troch jas en sjaal, mar Daan Bartels hat der sin oan. Hy wit de wei. Net allinnich troch de stêd, mar ek troch it libben fan Liesbeth List. Yn syn boek Het levenspad van Liesbeth List hat er fjouwer kuierrûtes fêstlein by plakken del dy't fan betsjutting wiene foar de sjongeres. Wy rinne de rûte troch Harns, de stêd dêr't har talint foar it earst echt sjoen waard. Liesbeth List gie as famke fan Flylân yn Harns nei de middelbere skoalle. Dêr siet se yn de kost en tegearre mei de buorren Davidson ûntduts se har sjongtalint. Tidens de kuiertocht fertelt Daan Bartels oer har libben.

Kin jo in èchte Fries wêze sûnder de taal te sprekken? Dy fraach waard aktuiel doe't Sylvana IJsselmuiden nei har Fedde Schurer-lêzing nochal wat kommintaar krych om't se dat yn't Hollânsk die. René Koster tôch troch de provinsje en lei it foar oan tal fan minsken út de wrâld fan taal, kultuer, wittenskip, iepenbier bestjoer en út de rest fan de Fryske mienskip.