
Hosted by Omrop Fryslân · NL

De ein fan it jier komt der oan. We nimme hast ôfskied fan it jier 2025. Mar der wiene in soad minsken, miskien jo thús ek wol dy't dit jier ôfskied nimme moasten fan wurk, of yn it slimste gefal fan ien yn je omjouwing dy't stoar. It oerkaam Lutz Jacobi. Nei it ferlies fan har man Koos yn 2024 ferliet se dizze simmer de PvdA. Dêr't se fjirtich jier lid fan wie. Se koe har net fine yn de fúzje mei Grien Links. Se herkent har net mear yn de partij.

Se krigen beide in earnstige sykte: Griet Wiersma en har man Leo. Griet is klear mei de behannelingen, Leo helle it net. It wie in dreech jier foar Griet Wiersma.

Yn it Damwâldster museum De Sûkerei is op't heden in bisûndere útstalling te sjen. Dêryn stiet it libben en it kreative wurk fan Heine Koonstra sintraal. Heine waard, krekt as syn broer Sijtze, yn febrewaris '44 oppakt by in razzia ûnder Ikkerwâld en yn Dútslân te wurk steld. Heine kaam nea werom: hy stoar op 25 april '45, dus ten tide fan de befrijing, oan TBC yn in hospitaal by Bûchenwâld. Dat syn ferhaal no ferteld wurdt troch dizze útstalling, komt benamme troch Age de Graaf. Ferline jier gie De Graaf troch guod fan syn heit Jan, dy't tagelyk mei Heine oppakt waard. Hy ûntduts fan alles oer saken dêr't syn heit nea oer prate woe. Ut de stikken bliek bygelyks dat hy mei Heine en oaren fia de gevangenis fan Ljouwert en kamp Amersfoort yn Buchenwald bedarre. Age de Graaf biet him fêst yn dit stikje mienskiplike skiednis fan syn heit Jan en Heine Koonstra. It smiet in skat oan ynformaasje op, dat foar in part no op de útstalling te sjen is....

De administraasje op oarder bringe, de tún dwaan, himmelje yn hûs... it binne putsjes dy't foar guon minsken lestich binne en dy't se net mear kinne. Yn Skearnegoutum kinne minsken dan in berop dwaan op 'Graach Dien' in helptsjinst dy't rund wurdt troch frijwilligers. Graach Dien is oprjochte fanút de tsjerke, mar elkenien yn it doarp kin der in berop op dwaan. Sûnt in skoftke makket ek it 'putsjekafee' ûnderdiel út fan Graach Dien. Yn it putsjekafee kinne minsken stikken guod ynbringe dat besocht wurdt wer te meitsjen. Doel is om minder guod fuort te goaien en sa in bydrage te leverjen oan it miljeu. Hoewol't it dus foar it hiele doarp is, passe 'Graach Dien' en it putsjekafee hiel goed yn it stribjen fan de tsjerke yn Skearnegoutum om in 'Griene tsjerke' te wêzen.It Buro makke in ôfspraak mei dûmny Lieke Weima en gie op de earste sneon fan de moanne nei it putsjekafee om ris te sjen hoe't it der om en ta giet en om te praten mei de frijwilligers. De dûmny hie in stikkene CD spiler meinommen om meitsje te litten

Der komme hieltyd mear 'hoarders' yn ús lân. Hoarders binne minsken dy't net, of hiel min, harren guod fuort dwaan kinne en hûs en hiem faak fol stean ha. Sûnt 2013 wurdt dizze stoarnis as in offisjele stoarnis erkend. Neffens psycholooch Irma van Steijn kin hoarding net genêzen wurde, mar kinne de minsken wol goed holpen wurde. Jeanet Regnerus is in helpferlienster dy't har mei dizze problematyk dwaande hâldt. It Buro gie mei Jeanet mei doe't se op hûsbesite wie by Wopke.